Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Tjongerschans

Team en Kontakt

Troch de behanneling kinne bywurkingen optrede wêrby’t it nedich is om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei it Dei-sintrum Onkology. Hjirfoar kinne jo fan moandei oant en mei freed fan 8.00-16.30 skilje mei tillefoannûmer 0513-685495. By it ynformaasjepetear mei de onkology ferpleechkundige krije jo in ynformaasjeboekje mei dit tillefoannûmer.
Bûten dizze tiiden meie jo skilje mei de SEH fan it sikehûs 0513-685470.

Ûnder “Behannelwizer” fine jo mear ynformaasje oer de redenen om fuortendaliks kontakt op te nimmen mei it sikehûs.

Somtiden ferwize wy jo nei jo húsdokter. Dizze nimt dan as it nedich is kontakt op mei it sikehûs.
Understeande spesjalisten binne belutsen by de behanneling mei gemoterapy en doelrjochte terapy:

Dr. B.P van Rees, ynternist- hematolooch
Dr. J. de Boer, ynternist-onkolooch
Dr. H. Bos, ynternist-onkolooch
Dr. M. van Harskamp, longarts
Dr. M. de Vries, longarts

Efteryn de behannelwizer kinne jo sels oantekenings meitsje en/of jo fragen opskriuwe.

By in folgjende besite oan jo húsdokter of it sikehûs kinne jo jo fragen besprekke mei jo dokter of ferpleechkundige.

Gong fan saken op it Dei-sintrum Onkology

De dokter meldt jo oan by it Dei-sintrum Onkology. De ferpleechkundige nimt kontakt mei jo op om in ôfspraak te meitsjen foar útlis oer de gemoterapy. It is handich om by dit gesprek, as it kin, ien mei te nimmen.
Der wurd in protte ferteld oer bygelyks de bywurkingen, it kuerskema en de gong fan saken.
As dit gesprek plakfûn hat wurde jo meastentiids yn deselde wike ynplend foar de kuer.

Op de dei dat de behanneling plend stiet, melde jo jo by de ûntfangstbaly op rûte 48. Op jo ôfsprakekaartsje of yn MijnTjongerschans stiet hoe let as jo ferwachte wurde. Jo meie dan plak nimme by de grutte tafel of wy nimme jo fuortendaliks mei nei jo keamer foar dy dei.
De ôfdieling is ferdield yn 1-,2- en 5-persoanskeamers. Sawol mei bêden as stuollen. Der wurdt mingd ferplege, dat wol sizze dat sawol manlju as froulju op ien keamer opnommen wurde kinne. Sa mooglik sil rekken hâlden wurde mei jo winsken oangeande de keamer wêr ’t jo de kuer krije sille.

Meastentiids is der al bloedprikt en binne jo dêr de foarige deis oer skille. Der is jo ferteld wat de útslagen binne en der is freege hoe as it mei jo giet. Jo witte dan oft de kuur de oare deis trochgiet.
Somtiden wurdt der op de dei fan de kuer bloedprikt. Jo moatte dan de dei fan de kuer wachtsje op de útslach en it klearmeitsjen fan de kuer. Meastentiids duorret dit ûngefear in oere.

De onkology-ferpleechkundige sil jo it ynfuus prikke en jout jo de behanneling. Wylst jo de kuer krije, kin jo partner of in oare neiste by jo bliuwe.

Nei  de behanneling krije jo de ferfolchôfspraken mei.

Hoewol’t it noflik wêze kin yn kontakt te kommen mei lotgenoaten, moatte jo jo tagelyk realisearje dat eltse pasjint syn eigen sykte hat en dêrmei ek syn spesifike behanneling.

De gong fan saken by opname yn de klinyk

Soms is it net mooglik de kuer op it dei-sintrum te jaan. Dit kin it gefal wêze as de kuer langer as in pear oeren of sels in pear dagen duorje sil. Wannear ’t dat it gefal is, wurde jo opnaam op de ferpleech-ôfdieling 3A.

Foarôfgeand oan de opname komme jo by onkology-ferpleechkundige.

De ôfdieling is ferdield yn 1-, 2- en 4-persoanskeamers. Der wurdt mingd ferplege, dat wol sizze dat sawol manlju as froulju op ien keamer opnommen wurde kinne. Sa mooglik sil rekken hâlden wurde mei jo winsken oangeande de keamer wêr ’t jo de kuer krije sille.

Op de ôfdieling hawwe jo earst in petear mei de ôfdielingsferpleechkundige. Sy/hy sil jo ynljochtsje oer de gong fan saken rûnom de behanneling. Soms sil de ôfdielingsdokter jo dêrnei koart ûndersykje. Hawwe jo noch fragen dan kinne jo dizze oan de ferpleechkundige of de dokter stelle.

Wylst jo de kuer krijen, kinne jo besite ûntfange. De besyktiden kinne jo fine yn de ôfdielingsfolder.

As de kuer ôfrûn is, krije jo fan de ôfdielingsferpleechkundige of de ferpleechkundige fan it dei-sintrum ferfolchôfspraken mei. Dizze ôfspraken geane oer de bloed-ôfname, mooglike ûndersiken, it besykjen fan in spesjalist of onkology-ferpleechkundiche en de datum fan de folgjende kuer.