Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Teams en Gong fan saken

By de behanneling fan kanker binne, likegoed binnen as bûten it sikehûs, in protte helpferlieners belutsen. Yn de behannelingsperioade kinne jo neist de spesjalist en de ferpleechkundich konsulint onkology fansels ek kontakt hâlde mei jo húsdokter.

Faaks binne jo ûnder behanneling fan in toskedokter of mûle-hygiëniste of hawwe jo kontakt mei immen fan ‘e thússoarch. It is wichtich dat hja witte dat jo gemoterapy krije. It kin ek foar harren handich wêze dit boekje yn te sjen.

De maatskiplik wurker, de fysioterapeut of de diëtiste fan it sikehûs kinne jo stipe of advys jaan oer bewegen en iten. Hoe’t jo mei dizze helpferlieners yn kontakt komme kinne lêze jo yn “Mear ynformaasje”.