Hoogwaardige Hematologische & Oncologische zorg in alle Friese ziekenhuizen.

Oare helpferlieners en oanfoljende soarch

Eltsenien dy’t behannele wurdt mei gemoterapy en/of doelrjochte terapy kin op eigen fersyk yn kontakt komme mei in fysioterapeut, medysk maatskiplik wurker of diëtist. Jo dokter of de ferpleechkundich konsulint onkology kin jo ek trochferwize nei ien fan dizze helpferlieners. Mear ynformaasje oer de mooglikheden kinne jo ek fine yn de brosjuere “Ondersteuning bij kanker”.

It medysk maatskiplik wurk
Kanker is yngripend. Datselde jildt ek foar de behanneling. Jo kinne jo eangstich, ûnseker of fertrietlik fiele. Der kinne fragen by jo opkomme dy’t te meitsjen hawwe mei wurk, finânsjes, húsfesting en mei de gefolgen fan jo sykte. Der kinne ek swierrichheden ûntstean mei en by de minsken wêr’t jo in protte om jouwe. Mei dizze en oare problemen kinne jo telâne by it medysk maatskiplik wurk.

Dieettyk
De diëtist kin antwurd jaan op fragen oer iten. Fragen as: “Binne der fiedingsmiddels ferbean?” of  “Haw ik ekstra fitaminen nedich?”.  Ek by problemen mei it iten sels komme jo by de diëtist telâne: as jo bygelyks allinnich floeibere fieding ferneare of te min sin oan iten ha. By elke gemokuer wurdt jo gewicht metten. By elke feroaring yn it gewicht kin de ferpleechkundich konsulint onkology jo trochferwize nei in diëtist.

Fysioterapy
Ut ûndersyk hat bliken dien dat foldwaande bewegen yn de behannelperioade in posityf effekt hat op de klachten fan wurgens en jo kwaliteit fan libjen. De fysioterapeut jout jo advys oer it fêststellen fan jo grinzen en kin jo helpe om jo kondysje goed te hâlden of te ferbetteren. Foar mear ynformaasje of behanneling kinne jo telâne by de ôfdieling Fysioterapy of by jo ferpleechkundige.

Ynformaasje op ynternet

www.kwfkankerbestrijding.nl
www.kanker.nl
www.kankerpatient.nl
www.allesoverchemotherapie.nl
www.bijwerkingenbijkanker.nl (oer bywurkingen fan medisinen)
www.lookgoodfeelbetter.nl
www.haarvoorelkaar.nl
www.kankerinfo.nl
www.oncokompas.nl
www.mcl.nl
www.careforcancer.nl
www.hoofdhuidkoeling.nl/keuzehulp-hoofdhuidkoeling

 

Auteurs:
Riet ten Hoeve
In samenwerking met Feikje Hovenga en Ytsje Hettinga